GGZ-oanpak fan pornoferslaving

02 okt 2012 - 12:53
  • GGZ Friesland

De GGZ Fryslân begjint dizze moanne mei in behanneling foar minsken mei in seks- of pornoferslaving. Sy krije yn de groepsbehanneling útlis oer de oarsaak fan de ferslaving en de problematyk.

Der komme hieltyd mear minsken mei in seks- of pornoferslaving en neffens de GGZ ha se dêr bot lêst fan. Dat jildt ek foar harren partners. Seksferslaafden moatte yn it foarste plak leare in better gefoel oer harsels te krijen, neffens de GGZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)