GGZ moat minsken dien jaan

31 okt 2008 - 14:01
  • GGZ-baas Ramakers

Minsken mei lichte depresjes kinne takom jier mooglik net mear terjochte by GGZ Fryslân as gefolch fan besunigings. Tongersdei makke GGZ Fryslân bekend dat it takom jier in tekoart fan 8 miljoen euro ferwachtet, op in begrutting fan 128 miljoen euro.

Dat hat neffens foarsitter Ramakers fan de Ried fan Bestjoer net allinnich gefolgen foar de soarch, mar ek foar de meiwurkers. Ramakers slút net út dat der personiel fuort moat. It giet dan om minsken mei in tydlik kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)