"GGZ moat mear foech krije foar oanpak oerlêst op strjitte"

01 apr 2015 - 12:19
  • GGZ Fryslân

De GGZ moat mear foech krije om de oerlêst op strjitte tsjin te gean. Dat seit boargemaster Van der Zwan fan It Hearrenfean. Yn dy gemeente is de oerlêst de ôfrûne jierren tanaam mei 50 persint. It giet dan om betize of agressive minsken, minsken dy't muzyk te lûd ha of op buizen slaan, of minsken mei drank- of drugsproblemen.

De groeiende oerlêst komt neffens Van der Zwan om't de GGZ hieltyd faker minsken thús behannelet. Op himself fynt er dat in goeie saak, mar it slagget net as de pasjint dêr sels net oan meiwurkje wol.

Helpferlieners moatte yn sokke gefallen altyd by minsken yn de hûs komme kinne, seit van der Zwan, ek al wolle dy minsken dat sels net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)