GGZ lansearret psychiatry-ôfdieling foar âlderein

03 feb 2016 - 21:34
  • GGZ Fryslân

GGZ Friesland is dizze wike úteinset mei Van Andel Ouderenpsychiatrie. Dizze ôfdieling rjochtet him op psychyske problemen by âlderein, lykas eangst en depresjes. Neffens GGZ giet de âlderein mei dit soarte klachten faak net nei in húsdokter, wylst de problemen wol in soad ynfloed hawwe op it deistich libben.

Mei dit nije ûnderdiel fan GGZ hopet de sûnensorganisaasje de âlderein oer de drompel hinne te lûken om dochs help te sykjen.

De namme, Van Andel Ouderenpsychiatrie, komt fan J.C. van Andel, de psychiater en baas fan it psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer yn de Twadde Wrâldoarloch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)