GGZ-kampanje oer foaroardielen

24 mrt 2014 - 12:50
  • In fragmint út it filmke
  • GGZ Fryslân

In filmke fan de GGZ Fryslân is de kommende tiid te sjen op 210 televyzjeskermen by de Mediamarkt yn Ljouwert. 'Ik ben toch niet gek' is de nije kampanje fan de GGZ tsjin foaroardielen en dat is tagelyk ek de slogan fan de elektroanikawinkel.

De GGZ hat opnames makke op ferskate lokaasjes yn Ljouwert bygelyks op it Saailân of by de Aldehou. Sintraal stean minsken mei psychyske oandwaanings lykas autisme, skizofreny of depresjes. Fan 'e wike is de Wike fan de Psychiatry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)