GGZ iepenet tillefoannûmer op Blue Monday

19 jan 2015 - 10:58
  • GGZ Fryslân

GGZ Friesland hat moandei in tillefoannûmer iepene foar minsken mei fragen oer psychyske sûnenssoarch. Minsken kinne dêr in WhatsApp hinne stjoere. In psychiatrysk ferpleechkundige sil de berjochten beantwurdzje en tips jaan. GGZ Friesland docht dit omdat it moandei Blue Monday is. Dizze tredde moandei fan it jier wurdt sjoen as meast deprimearjende dei fan it jier.

De feestdagen binne foarby, de dagen koart en it wol net slagje mei de goede foarnimmens. In soad minsken wurde dêrtroch sleau en mankelyk. It GGZ-nûmer is 06-12502121.

Ferpleechkundige Harold Wenning is moandeitejûn yn Bynt te gast om te fertellen oer Blue Monday.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)