GGZ Fryslân wol fusearje

07 maaie 2008 - 13:37
  • Ien grutte psychiatryske soarchorganisaasje yn it Noarden soe better funksjonearje

GGZ Fryslân en Lentis, de organisaasje foar psychiatryske soarch yn Grins en it noarden fan Drinte, wolle fusearje. De organisaasjes tinke sa better taret te wêzen op de finansjele en kommersjele ûntwikkelings yn de soarchmerk. Ek soene se better oan de fraach nei spesjalistyke psychiatryske help foldwaan kinne.

De fúzje sil benammen foar kantoarpersoniel gefolgen ha. GGZ Fryslân hat 2000 meiwurkers, Lentis 4500.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)