GGZ Fryslân skrast 120 banen

07 jul 2014 - 13:08
  • GGZ Fryslân

Oant 2018 ferdwine der by GGZ Fryslân 120 banen troch besunigings. It personiel fan de soarchynstelling hat dat ferline wike te hearren krigen. De besunigings fine benammen plak op de ôfdielings efter de skermen. De soarchkant wurdt foarearst sparre.

Neffens Adriaan Jansen, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan GGZ Fryslân, wie de omset ferline jier 137 miljoen. Hy ferwachtet dat de omset troch krimp sakket nei 120 miljoen euro. De GGZ besiket de psyschyske soarch sels te ûntsjen en wol earst besunigje op de ûnderstypjende ôfdielings.

Fan 'e simmer sille de plannen fierder útwurke wurde. Ein oktober moat it personiel dan dúdlikheid krije. Jansen slút twongen ûntslaggen by de plannen net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)