GGZ Friesland stjit flechtlingehelp ôf

15 des 2014 - 14:22
  • GGZ

GGZ Friesland stjit de help oan flechtlingen ôf. Psychiatrysk sintrum De Evenaar en GGZ Drenthe nimme dizze helpferliening fan 1 jannewaris ôf oer. Asylsikers en (oarlochs)flechtlingen hawwe geregeld te krijen mei eangst, depresjes of posttraumatyske klachten.

De Evenaar en GGZ Drenthe binne folle mear spesjalisearre yn de behanneling fan dizze doelgroep. Foar de pasjinten feroaret der neffens GGZ Friesland net in soad: de behannelings wurde gewoan trochset yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)