GGZ foar bern hjit no KINNIK

17 jun 2010 - 15:50

De GGZ-Fryslân ôfdieling foar bern tusken nul en 18 jier hjit tenei KINNIK. Der is net allinnich in nije namme, ek de soarch oan bern tusken de 0 en 18 jier is fernijd. Doel is om bern en âlders tenei binnen ien dei in diagnoaze en in behannelplan te jaan.

It is de GGZ dúdlik wurden dat benammen âlders dêr bot ferlet fan ha. By Kinnik wurkje goed 150 minsken dy't op festigings yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten bern mei psychyske problemen helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)