GGZ en Lentis skrasse fúzje

22 des 2008 - 17:23
  • Lentis wol no net mei GGZ Fryslân fusearje

De grutte finansjele problemen by GGZ_Fryslân soargje derfoar dat de fúzje mei Lentis net trochgiet. Lentis is de organisaasje foar geastlike sûnenssoarch yn Grinslân en Drinte.

GGZ_Fryslân is drok oan it besunigjen om in tekoart fan acht miljoen euro oer takom jier foar te kommen. Rob_Smeets, lid fan de ried fan bestjoer fan GGZ_Fryslân, seit dat de gearwurking mei Lentis yn Grinslân en Drinte wol gewoan trochgiet. By de GGZ yn Fryslân wurkje 2000 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)