GGD:anty-drank gadzjet meitsje

24 jun 2013 - 08:45

GGD Fryslân wol in nij anty-drank gadzjet op de merk bringe. Mei sa'n gadzjet kinne je dúdlik meitsje dat je gjin alkohol drinke wolle. It it benammen it doel dat jongeren it gadzjet massaal meinimme sille nei de kroech en diskoteek. Hokker gadzjet dat krekt wurde moat en hoe't soks der dan út sjocht, dêr hawwe se noch gjin idee oer.

De GGD wol Fryske jongerein freegje sels wat te betinken. In spesjale bus mei ûnder oare 3D-printers sil by de skoallen del. It Singellandkolleezje yn Burgum is de earste skoalle dy't meitinke mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)