GGD wol mear stipe prostituees

19 sep 2012 - 16:01
  • Argyffoto De Weaze

De measte froulju dy't op de Weaze yn Ljouwert as prostituee wurkje komme út it Eastblok en guon doare net goed foar harsels op te kommen. De GGD wol dat ferbetterje en siket dêrfoar gearwurking mei oare ynstânsjes lykas Fier Fryslân.

De GGD hâldt ek alle tiisdeis in ynrinsprekoere foar de froulju, dêr't alle wiken sa'n 10 prosituees komme. Se krije foarljochting en kinne har ynintsje litte tsjin Hepatitus-B. Fan de froulju dy't de GGD ûndersocht hat, hat sa'n 20% in geslachtssykte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)