GGD: tenei earder yngripe

05 jul 2004 - 21:40

De gemeenten en de GGD moatte gauwer in wente yn kinne as sy tinke dat der wat mei de bewenner te rêden is. Dat seit haad sûnenssoarch Bleeker fan 'e GGD. Neffens him is sa mooglik te foarkommen dat minsken lang dea yn har hûs lizze.

Ferline wike waard yn Ljouwert in man dea yn syn hûs fûn en dy man lei der al acht moanne. De GGD hie fia de gemeente besocht om yn 'e hûs te kommen, mar dat wie juridysk net mooglik. Soks komt folle faker foar, neffens de GGD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)