GGD: sûnensprojekt foar bern

21 jan 2004 - 00:00

De GGD wol mei de gemeenten Achtkarspelen en Ljouwert de sûnens fan bern yn achterstânssitewaasjes ferbetterje. Dy bern tusken de 0 en 12 jier hawwe faker mei sûnensklachten te krijen as bern út hegere sosjale klassen.

Der komt in spesjaal projekt dêr't de bern sels yn meibepale meie wat se belangryk fine. Tocht wurdt oan bygelyks foarljochting op skoallen oer saken as oergewicht en smoken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)