GGD siket nije kontroleurs

27 des 2007 - 15:53

De achterstannen dy't de GGD Fryslân hat by de kontrôles fan bernedeiferbliuwen binne net op te lossen mei ekstra jild. Dat seit de GGD yn reaksje op it nijs dat der ekstra jild fan de steatssiktaris komt foar dy kontrôles. De GGD Fryslân hat benammen ferlet fan ekstra personiel.

Der wurdt al mear as in jier socht om twa nije kontroleurs, mar dy binne noch hieltyd net fûn. Neffens de GGD giet dat mei mear jild net flugger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)