GGD set útein mei kondoomkampanje

09 feb 2016 - 12:55
  • Kondooms yn alle soarten, maten en smaken

Mei de fraach: "Doe jij het wel veilig?" stappe meiwurkers fan it Valentijn-team van de GGD dizze wike ôf op studinten fan it mbo en hbo en middelbere skoalbern. In spesjale Love-bus fan de GGD toert troch Fryslân, mei in kampanje om mei studinten te praten oer feilich frije en it gebrûk fan kondooms. Ek wurde der kondooms fergees útdield oan de jongerein.

Risiko's

Neffens de GGD witte jongeren wol dat se in kondoom brûke moatte soene, mar dogge se dat faak net. Jongerein boppe de 21 jier nimt dan ek risiko as it giet om seks. Mei dizze kampanje hopet de GGD it minne imago fan it kondoom dan ek wer wat fuort te poetsen, sadat it kondoom faker brûkt wurdt troch de jongerein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)