GGD: Noch 50.000 grypprikken

09 nov 2009 - 17:25
  • Noch sa'n 50.000 Friezen wurde de kommende wiken yninte tsjin de Meksikaanske gryp

Yn Fryslân wurde de kommende tiid nochris 50.000 minsken yninte tsjin de Meksikaanske gryp. Minister Klink fan folksûnens hat moandei bekend makke dat er ek bern fan 6 moanne oant en mei 4 jier faksinearje wol. Yn Fryslân giet it dan om 30.000 faksinaasjes.

Boppedat wurde ek âlden en broers en suskes fan poppen jonger as in heal jier yninte. Yn Fryslân komt dat del op 20.000 minsken. De GGD yn Fryslân sil yn twa rondes de faksinaasje jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)