GGD: mear minsken foar proef

12 jan 2007 - 07:10

De GGD siket ynwenners fan Snits en Nijefurd dy't har sûnens kontroleare litte wolle. De GGD hat maart 2005 yn Snits it 'Gezondheidsbureau' oprjochte. Dêr kinne minsken sa'n sûnenskontrôle útfiere litte.

It giet foar de GGD om in proef. Begjin takom jier wurdt besjoen oft it wurk fan it buro effekt hat. Om dêr in goed byld fan te krijen moatte 300 minsken in kontrôle útfiere litte. Oan no ta hawwe der 200 minsken west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)