GGD kontrolearret tattooshops

30 mrt 2007 - 09:57

De GGD Fryslân kontrolearret dit jier 25 tattooshops, piercingshops en guon schoonheidssalons yn Fryslân. Der wurdt besjoen oft de bedriuwen wol hygiënysk wurkje. Dat moat fan it ministearje fan Folkssûnens.

As oan de easken foldien wurdt, krijt it bedriuw in fergunning fan de gemeente. De gemeenten moatte offisjeel noch tastimming jaan dat de GGD de kontrôles útfiere sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)