GGD Fryslân pleitet foar smookferbod yn de auto

17 aug 2015 - 13:48

In smookferbod foar yn de auto as der bern ynsitte, is in goeie saak. Dat seit Bert Soenveld fan de GGD Fryslân, spesjalisearre yn smookprevinsje. Ut ûndersiken docht dúdlik bliken dat it foaral foar bern hiel skealik is dat se 'mei'smoke. Dêrom moatte se dêr tsjin beskerme wurde, seit Soenveld. Je ha op 't lêst ek feilichheidsriemen en autositsjes yn de auto foar de feilichheid fan de bern.

Hy ferwachtet dat sa'n ferbod der op termyn wol komme sil, omdat hieltiten mear minsken yn de gaten krije dat smoke net sûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)