GGD drok mei ynintings

20 nov 2009 - 11:55

Meiwurkers fan 'e GGD hawwe it op dit stuit smoardrok mei de tariedings foar de massale faksinaasje tsjin de Meksikaanske gryp. Fan moandei ôf wurde op njoggentjin plakken yn Fryslân minsken yninte.

Op it kantoar yn Ljouwert wurde freed alle kratten mei nullen, pleisters, ferbân en it faksin folladen. Dêr sitte ek de kratten by dy't op transport gean nei de Waadeilannen. De GGD set 700 meiwurkers yn om de operaasje goed ferrinne te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)