GGD-dokter warskôget foar gefaren fan houtkachels

26 okt 2015 - 21:08
  • Houtkachel

Der moatte strenge regels komme foar minsken mei in houtkachel. Bygelyks it plak fan de skoarstien mei net tefolle hinder jaan foar de buorlju. Fierders soe de plysje optrede moatte tsjin reekoerlêst. Dat seit Frans Duijm, miljeuarts by de GGD.

In rapport fan de GGD en de Universiteit Utrecht warskôget foar fyn stof yn de reek út houtkachels. De klachten fan buorlju dy't lêst fan de reek hawwe, moatte serieus nommen wurde, want der bestean sûnensrisiko's. By acht op de tsien húshâldings sit te folle fyn stof yn de loft.

Neffens kachelferkeaper Klaas Tigchelaar fan It Hearrenfean wurde de problemen foar in grut part feroarsake troch it ferkeard stoken fan in houtkachel. Der wurdt faak te wiet hout brûkt; hout soe teminsten ien of twa jier te droegjen lizze moatte. Fierders wurdt it hout faak fan ûnderen oanstutsen. Better is om it hout oan de boppekant yn de brân te stekken. Dat jout mear soerstof en in bettere ferbrâning. Dat jout wer minder skealike reek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)