Gezina van der Zwaag makket CD

21 mrt 2012 - 16:15
  • Gezina van der Zwaag

Gezina Van der Zwaag hat in cd makke. De Fryske sjongeres (35) krige yn 2008 provinsjale bekendheid troch har Fryske ferzje fan 'Gabriela's Song' út de Sweedske film 'As it is in Heaven'. Se stie dêrmei op it fyfde plak yn de Fryske Top 100.

Har earste cd dy't Kontrast hyt, is freed 16 maart presintearre. Gezina van der Zwaag studearre oan it konservatoarium. Yn K-rûte is op 21 maart in reportaazje oer de cd-presintaasje te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)