Gewoan wurk Caparispersoniel

07 okt 2009 - 09:42
  • Caparis wol personiel oan gewoan wurk helpe

Yn it Abe Lenstrastadion begjint freed in projekt om meiwurkers fan Caparis oan in gewoane baan te helpen. By Caparis wurkje in soad minsken mei in handikap of troch oare omstannichheden net gewoan wurk dwaan kinne.

Sa'n 20 meiwurkers dogge mei oan it nije projekt. In opfallend punt oan it projekt is dat der gjin leankostesubsydzje jûn wurdt en dat der gjin spesjale coach ynset wurdt. De direksje fan Caparis wol yn de takomst faker meiwurkers oanbiede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)