'Gewoan drinke op Appelhof'

03 jun 2014 - 20:16

Op kemping Appelhof op Skylge mei eltsenien in bierke drinke foar de tinte, ek as se jonger as 18 jier binne. Dat seit de kempingbaas. Neffens de nije regels foar drankgebrûk meie jongeren ûnder de 18 gjin alkohol mear drinke op of yn publike romten.

Foar it kemping betsjut dit dat se wol yn har eigen tinte drinke meie, mar net foar de tinte sitte meie mei in pilske.

De eigener fan de Appelhof fynt de nije regels ûnsin en sil ek net dêrop kontrolearje. Ynkoarten sil de steatssekretaris mei boargemaster Bats fan Skylge om tafel om te praten oer de nije regels en it tafersjoch dêrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)