Gewest Fryslân KNSB wol natueriisferienings werom

27 nov 2014 - 06:33
  • KNSB

It gewest Fryslân fan de KNSB besiket ek iisklups dy't net mear lid binne fan de KNSB oan him te binen. Kommende sneon is der yn Thialf in byienkomst dêr't it gewest fertelt wat it foar de klups dwaan kin. Fryslân hat sa'n 230 natueriisferienings. Net iens de helte dêrfan is noch lid fan de KNSB. In diel stapte ûnder oare op doe't de KNSB Almere keas as nije topsportlokaasje yn stee fan It Hearrenfean.

It gewest wol foar in lytse kontribúsje wer in rol spylje foar alle natueriisferienings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)