Gewelddiedige oerfallen oplost

14 apr 2010 - 12:15

De resjerzje hat yn Lelystêd fiif manlju oanhâlden foar gewelddiedige oarfallen. De manlju ha op tsien plakken minsken berôve dy't nei slutingstiid jild nei in ôfstoartklús fan de bank brochten. Ek op It Hearrenfean sloegen se ta.

De mannen (tusken 19 en 22) wachten yn de omjouwing fan banken oant ien mei jild kaam. De oare oerfallen wiene yn de omjouwing fan Elburg, Hurderwyk en Kampen. Der is goed 50.000 euro bút makke. Ek hiene se nepwapens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)