Gewelddiedige oerfal supermerk

21 des 2009 - 09:00
  • De Albert Heijn yn Bilgaard bleau moandei de hiele dei ticht

De Ljouwerter Albert Heijn yn Bilgaard is moandeitemoarn om sân oere oerfallen. Trije mannen mei maskers op de holle bedrigen it personiel mei in mes. It trijetal is mei in noch ûnbekend jildbedrach útnaaid.

Twa wike lyn wie der ek al in soartgelikense oerfal by in winkel even fierderop yn de Bilgaardpasaazje. Doe waard gebrûk makke fan in fjoerwapen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)