Gewelddiedige oerfal De Lemmer

03 jun 2006 - 12:35

Der hat freedtemoarn in gewelddiedige oerfal west by it bungalowferhier- bedriuw De Lemster Ringen oan de Brekkenwei op De Lemmer. Twa meiwurkers binne dêrby in skoft fêstbûn.

By de saak wiene fjouwer oerfallers belutsen. Se ha neffens de plysje besocht om jild mei te nimmen, mar dat is net slagge. Doe binne se útnaaid. De plysje hat ûnder oare plysjehûnen ynsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)