'Geweld yn bus/trein oanpakke'

02 des 2013 - 12:40

De provinsje moat folle mear jild beskikber stelle foar it oanpakken fan geweld yn it iepenbier ferfier. Dat seit bestjoerder Anton Meijerman fan it fakbûn CNV yn reaksje op nije ynsidinten yn it busferfier. Yn Easterbierrum mishannele in 39-jierrige man fan it wykein de bussjauffeur. Iepenbier ferfiersbedriuwen wolle meastentiids wol wat dwaan oan ekstra tafersjoch yn bussen of treinen, mar hawwe dêr te min jild foar. De oarsaak is dat de provinsjes der yn de konsesje gjin rekken mei hâlde.

Neffens Meijerman is geweld yn bussen en treinen net allinne in probleem fan de Rânestêd. Ek yn Fryslân bart dat in soad. Ferfiersbedriuwen Arriva en Q-buzz wolle wol ekstra befeiligje, mar binne ôfhinklik fan jild fan de provinsje. De provinsje wol foarearst net reagearje op de oprop fan 'e fakbûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)