Geweld tsjin Snitser man

07 mrt 2012 - 10:36

    De plysje hat tiisdei twa Snitsers (18) oanhâlden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Op de Kapelstrjitte passearde in man (50) út Snits in parkearde auto. De twa jonges kamen út de tsjinoerstelde rjochting. Se bedrigen de man, lutsen him omfier en lutsen syn jas stikken.

    In tsjûge belle 112 en filme de fjochterij mei syn mobile telefoan. Op grûn dêrfan koe de plysje de jonges oanhâlde. It slachtoffer hat oanjefte dien.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)