Geweld Dokkum noch yn ûndersyk

27 mrt 2008 - 12:10

De plysje ûndersiket noch hieltyd it geweldsynsidint yn Dokkum fan twa wiken lyn. Fyftich stappers ha doe de plysje bedrige en slein. Oanlieding wie de oanhâlding fan twa mannen foar balstjurrich gedrach. De groep bemuoide him dêrmei. Mei help fan de wapenstok en in plysjehûn koe de rêst werombrocht wurde.

De plysjelieding nimt it ynsidint heech op. De plysje wol de belutsenen oanhâlde. Dat is noch net slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)