Gewear, jachtklemmen en stienmurdhûd yn beslach naam

04 sep 2015 - 09:57
  • Stienmurd

In 46-jierrige ynwenner fan Skearnegoutum is troch de plysje oanhâlden omdat by him in dûbelloops gewear mei munysje fûn is. De plysje hie in anonime tip krigen. Dêrop waard it hûs en twa loadsen fan de man trochsocht. Der binne mear oertredings konstatearre.

In pear saken binne yn ferbân mei de Flora en Faunawet yn beslach naam. It giet om in fûgelfangkoai, in klem foar it fangen fan murden en in poatklem. Ek hat de plysje de hûd fan in stienmurd fûn. De man is heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)