Gevelstien foar 't Ald Slot

07 apr 2012 - 12:57

Museum 't Ald Slot yn Wergea hat sûnt sneontemoarn in gevelstien boppe de doar te hingjen. Dêr stean de wapenskilden fan de famyljes Popma van Oevering en De Schiffart op. Dat binne de famyljes dy't yn de 18e ieu yn Roordastate wennen, it gebou dêr't no it museum 't Ald Slot yn sit.

De gevelstien is mei de hân makke troch frater Leo Disch út Limburch. De frater is in kunde fan ien fan de minsken dy't nau by it opknappen fan 't Ald Slot belutsen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)