Geurts: "WK tichteby as ea"

31 okt 2014 - 12:19
  • Keepster Loes Geurts fan it nasjonale frouljusalvetal

Keepster Loes Geurts fan Hichtum is mei de Nederlânske fuotbalfroulju ticht by pleatsing foar it wrâldkampioenskip yn 2015 yn Kanada. It soe de earste kear wêze dat de fuotbalfroulju harren pleatse foar in WK. "Dat libbet enoarm yn 'e ploech. We ha noch nea sa tichtby west", sa seit Geurts. Oer in pear wiken wurdt yn in play-off mei Italië bepaald wa't nei it WK giet.

De keepster tinkt dat Oranje har pleatse kin. "Ik tink dat we in goeie kâns hawwe". Tongersdei wûn de ploech fan bûnscoach Roger Reijners mei 2-0 fan Skotlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)