Geurts sjocht út nei start EK

11 jul 2013 - 09:38
  • Keepster Loes Geurts fan it nasjonale frouljusalvetal
  • De froulju fan it nasjonaal alvetal fan 2013

Keepster Loes Geurts fan Hichtum sjocht út nei de start fan it EK fuotbal foar froulju. Tegearre mei Sherida Spitse fan Snits foarmet Geurts de Fryske ynbring yn de seleksje fan it Nederlânsk frouljusalvetal. Oranje begjint tongersdeitejûn mei de earste pûlwedstriid tsjin Dútslân.

Loes Geurts is net benaud foar de regearend Europeesk kampioen. 'Duitsland is natuurlijk favoriet en heeft een goeie ploeg. Maar op zo'n toernooi is van alles mogelijk', sa seit Geurts. Noarwegen en Yslân binne de oare tsjinstanners yn de pûl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)