Geslacht toand yn trein

07 jan 2013 - 10:02
  • NS-trein

Yn Ljouwert is sneintejûn let in man oanhâlden dy't syn geslacht sjen litten hie yn de trein. Hy hie syn spultsje sjen litten yn de trein ûnderweis nei Ljouwert. In frou hie dêr argewaasje fan en belle de plysje mei in dúdlik sinjalemint. De frou moast op It Hearrenfean útstappe.

De plysje seach de man rinnen op it treinstasjon yn 'e Fryske haadstêd. De 43-jierrige man út Ljouwert is pakt en oerbrocht nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)