Gesin út Ljouwert oanriden

15 okt 2006 - 15:58

In gesin út Ljouwert is sneontejûn ferwûne rekke by in oanriding yn it Oeriselske Giethoorn. De auto mei dêryn in echtpear en har berntsje (1) waard frontaal oanriden troch in 66- jierrige automobilist fan Wanneperveen.

Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre er op de ferkearde helte fan de dyk. De frou út Ljouwert is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Swol. De heit en it berntsje mochten nei kontrôle nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)