Geseur oer fúzjes moat dien wêze

03 jan 2007 - 22:18

De eamelderij oer fúzje fan lytse gemeenten moat mar ris dien wêze. Dat seit boargemaster De_Hoop fan It_Amelân. Syn gemeente funksjonearret prima en is net kwetsber, mar krekt sterk as in lytse mienskip. Gearwurkje is prima, mar foar fúzje bestiet gjin inkelde needsaak.

Salang't bestjoerders lykas deputearre Ploeg dy needsaak net oantoane kinne, kin de hiele diskusje wat De_Hoop oanbelanget wol yn de iiskast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)