'Gesellich drok' op EVT-boat

09 mrt 2014 - 16:05

Reizgers nei Skylge witte de boat fan de Eigen Veerdienst Terschelling EVT al wer goed te finen. Twa moannen lyn krige de EVT in farferbod fan steatssiktaris Mansveld, mar it gerjochtshôf fan Den Haach hat bepaald dat se wer farre meie.

Sûnt in wike fart de feartsjinst wer. Neffens direkteur Erwin Rob fan de EVT giet it goed mei de publike belangstelling. Hy sjocht wer in soad 'fertroude gesichten' oan board. Ek foar de kommende tiid binne wer aardich wat kaarten ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)