Gertjan Verbeek spilet him feilich mei Vfl Bochum

10 maaie 2015 - 16:43
  • Gertjan Verbeek

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek fan Jobbegea hat him snein feilich spile yn de twadde Bundesliga mei syn ploech VfL Bochum. Syn ploech wûn op eigen fjild ferrassend mei 3-1 fan koprinner FC Ingolstadt 04. Troch de oerwinning is Verbeek der wis fan dat er mei syn ploech ek takom seizoen útkomt yn de twadde Bundesliga.

Verbeek waard heal desimber oannaam as trainer fan Bochum. De Jobbegeaster tekene in kontrakt foar oardel jier, mei as doel om de ploech sa rap as mooglik werom te krijen yn de earste Bundesliga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)