Gertjan Verbeek giet fuort

18 des 2007 - 10:07
  • Gertjan Verbeek giet by Hearrenfean wei

Gertjan Verbeek giet by SC Hearrenfean wei. Dit waard tiisdei bekendmakke. Verbeek is dwaande mei syn fjirde jier. Oan 'e ein fan dit seizoen rint syn kontrakt ôf. Verbeek liet earder al witte dat er 'gjin twadde Foppe' wurde wol.

Under lieding fan Verbeek hat Hearrenfean goede resultaten behelle. Op dit stuit stean se op it fjirde plak yn 'e kompetysje. Ek waard alle jierren Europeesk fuotbal helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)