Gertjan Verbeek begjint karriêre yn Dútslân mei ferlies

07 feb 2015 - 15:34
  • Gertjan Verbeek

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek fan Jobbegea is net al te bêst begûn oan syn nije karriêre by it Dútske VfL Bochum. Verbeek ferlear hjoed syn earste wedstriid as haadtrainer mei 2-1 fan Union Berlin. De beslissende treffer foel yn de lêste fiif minuten. De ploech fan de Jobbegeaster stiet no op it alfde plak yn de Twadde Bundesliga.

Verbeek folge nei de winterstop de ûntsleine Peter Neururer op. Hy hat in kontakt tekene oant de simmer fan 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)