Gertjan moat bliuwe-liet makke

21 feb 2008 - 15:45
  • Gertjan Verbeek (foto: Martin de Jong)

De anonime formaasje 'De Hageknippers' hat in liet makke om der foar te soargjen dat Hearrenfean-trainer Gertjan Verbeek bliuwt. Nei in kollum en in shirt mei 'Gertjan moat bliuwe', is dit al it tredde inisjatyf.

Alle ideeën komme fan de website Spreekluiter. De trije manlju dy't it liet sjonge, wolle anonym bliuwe. De klub en de trener hawwe al oanjûn harren neat oanlûke te sillen fan de aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)