Gert-Anne van der Bos kening

18 aug 2007 - 17:34

De keatsers Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra ha sneon de útnoegingspartij yn Ternaard wûn. Yn de striid om priis en preemje waard it partoer fan Rutmer van der Meer, Jan Willem van Beem en Taeke Triemstra mei 5-4 en 6-2 ferslein.

Junior Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening. Foar de jonge Holwerter wie dat foar it earst op haadklasse nivo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)