Gert-Anne van der Bos foar tredde kear kening fan de PC

29 jul 2015 - 18:56
  • Gert-Anne van der Bos yn aksje

Gert-Anne van der Bos is útroppen ta kening fan de PC 2015. Hy krige de sulveren keatsbal foar de tredde kear omhongen. It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger wie yn de finale fan de 162e PC mei 5-2 en 6-2 te sterk foar it trio Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

Troch de oerwinning bleau de sulveren keatsbal yn itselde partoer. Ferline jier waard Daniël Iseger útroppen ta kening. Hy wûn doe de PC mei Gert-Anne van der Bos en Jacob Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)