Gert-Anne van der Bos-en-dy winne yn Doanjum

31 maaie 2015 - 17:00
  • Taeke Triemstra, Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat snein it keatsen yn Doanjum yn de haadklasse frije formaasje wûn. Se wienen mei 5-3 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Julius de Jong dy't foar Cornelis Terpstra spile.

It wie deselde finale as de earste keatspartij yn de frije formaasje yn Sint-Anne. Doe wûnen Tjisse Steenstra-en-dy. De winst yn Doanjum wie de 50ste oerwinnning foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos. Van der Bos is útroppen ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)