Gersmeane yn G-Sleat djoere grap

11 jun 2006 - 12:27

It meanen fan de bermen yn Gaasterlân- Sleat driget yn de knipe te kommen. Der is bot besunige op it ûnderhâld fan de bermen. Mar no driigje de kosten foar it wurk dochs út de hân te rinnen omt it ôffieren fan it gers folle djoerder wurdt.

Earder koe dat gers nei de droegerij fan Harich, mar dy giet ticht. Der is wol in alternative oplossing, mar dy is djoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)