Gersmatte Sjûkelân moat groeie

11 maaie 2011 - 15:11

Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wurdt hurd wurke oan in nije gersmatte. Mei in spesjaal soart plastik wurdt besocht it gers rapper groeie te litten.

De foalje moat foarkomme dat it wetter ferdampt. Sa moat it mooglik wêze om yn 14 dagen in nije gersmatte te hawwen. Dy moast der komme om't it by de lêste PC misgie. It fjild wie troch de rein sa sompich wurden en waard dêrtroch folslein stikken spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)